WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Opsetsjes bywurkje en inoar beoardielje

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Schools toolkit/Drafts and Peer review and the translation is 100% complete.

Les 9: Opsetsjes bywurkje en inoar beoardielje

Yntroduksje en efkes tsjekke (10 minuten):

  • Ferwolkomje de learlingen en tsjek hoe’t it giet mei de artikels.
  • Besjoch opnij de struktuer fan goede Wiky-artikels: yntroduksje, dielûnderwerpen, ferwizings en sitaasjes, en de fiif pylders fan Wikipedy (gearfetting fan les 2 en Essinsjeel op Wikipedy)

Struktuer fan it artikel (10 minuten):

  • Diskusjefraach: Hoe kinne wy der wis fan wêze dan artikels neutraal skreaun binne?
    • Dit is in goede mooglikheid om nei it taalgebrûk fan de artikels te sjen. Wat is passend om te brûken yn objektyf en akademysk skriuwen?
  • Dyn artikel strukturearje: bepraat de kopkes en templates dy’t yn de lesmateriaal foar de learlingen sitte.
  • Besjoch wat de ûnderdielen binne fan in goed strukturearre Wikipedy-artikel, en sjoch dêrby spesifyk nei de dúdlike struktuer en de styl.

Opdracht: mei inoar skriuwe (15 minuten):

  • Ferdiel de learlingen yn lytse groepkes en ynstruearje se om inoars artikels te peer reviewen.
  • 10 fragen dy’t te finen binne yn de Powerpoint helpe by it reviewen fan inoar artikels en om konstruktive feedback te jaan.

Diskusje: peer review (5 minuten):

  • Nei de aktiviteit wikselje de groepen harren dielûnderwerpen út mei dy fan in oar groepke.
  • Alle groepen reviewe de dielûnderwerpen fan de oare groep en jouwe feedback, dêrby rjochtsje se harren op de 10 stelde fragen.
  • Ynstruearje alle groepen om de oar harren sânbakartikel te reviewen en der feedback op te jaan.
  • Soargje foar in strukturearre feedbackformulier dat oer krektens, neutraliteit, boarnefermelding, orizjinaliteit en de struktuer giet.
  • Moedigje konstruktive feedback en suggestjes foar ferbettering oan.

Konklúzje (5 minuten):

  • Fetsje de wichtichste punten fan de struktuer, toan, neutraliteit fan in Wiky-artikel gear.
  • Bepraat it belang fan peer review en gearwurkjen foar de kwaliteit fan de artikels.

Jou húswurk op: de learlingen sjogge noch in lêste kear oer harren artikel en meitsje se definityf op basis fan de feedback dy’t se krigen hawwe. Dan meitsje jim jim klear foar de folgjende stap: publisearjen.