WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar learlingen/Essinsjeel op Wikipedy

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Wikipedia essentials and the translation is 85% complete.

Essinsjeel op Wikipedy

Stap twa fan de toolkit foar learlingen giet oer de essinsjele saken op Wikipedy. Yn dizze stap leare de learlingen de basis fan hoe't Wikipedy wurket. Fierder sille se leare wat it belang fan Wikipedy is as platfoarm foar it dielen fan kennis en it ûntwikkeljen fan ûndersyk, kritysk neitinken en skriuwfeardichheden. Boppedat leare se mear oer de doelen fan it WikiWomen-projekt.

De ynhâld fan dizze stap is opdield yn trije parten: de kultuer fan Wikipedy, betrouberens en objektiviteit en sitearjen op Wikipedy. Oer de kultuer fan Wikipedy is it wichtich om te neamen dat foar alle talen dêr't Wikipedy beskikber yn is, der in eigen groep fan minsken, in mienskip, wurket oan it behear fan de Wikipedy. De manier dêr't dat op dien wurdt ferskilt foar de Wikipedy's yn alle talen. Foar gruttere Wikipedy's binne gruttere teams mei minsken oan it wurk om de ynhâld te behearen, wylst dat foar lytsere Wikipedy's somtiden in hantsjefol minsken binne dy't dat yn de frije tiid dogge. Wannear'tst begjint mei it skriuwen oan in Wikipedy is it fan belang om der bewust fan te wêzen dat der ek oare minsken oan de oare kant fan de kompjûter sitte dy't mei dy oan Wikipedy wurkje. It is wichtich om eltsenien mei respekt te behanneljen.

Kultuer op Wikipedy

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
Ynstruksje Fiif pylders fan Wikipedy en:Wikipedia:Five pillars
Ynstruksje [soart boarne] en:Wikipedia:The perfect article
[foarm boarne] [namme boarne] en:Hertha Ayrton
[foarm boarne] [soart boarne] [namme boarne]

Opdrachten foar yn 'e les

Stellingen foar diskusje yn 'e les

  • Wat fynsto fan Wikipedy?
  • Wannear tinkst dat it passend is om gebrûk te meitsjen fan Wikipedy?
  • Brûksto Wikipedy yn dyn taal?

Betrouberens, objektiviteit

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
[soart boarne] [namme boarne] https://drive.google.com/file/d/1KIXH9_mUO2W2Wg7esnMyAzAmKrAOmUUg/view?usp=sharing
[soart boarne] [namme boarne] https://amp.theguardian.com/technology/2017/feb/08/wikipedia-bans-daily-mail-as-unreliable-source-for-website

Opdrachten foar yn 'e les

Sitearjen op Wikipedy

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
[foarm boarne] [namme boarne] en:Wikipedia:Citing sources
[soart boarne] [namme boarne] Mei it sitearark kinne learlingen in sin of in nije paragraaf taheakje oan harren Wikipedy-artikel of yn harren sânbak