WikiWomen Erasmus+/Regels foar ûndersyk (etyk)
Toolkit foar learlingen
Regels foar ûndersyk (etyk)
No't we leard hawwe oer hoe't we boarnen sykje en ynformaasje fine kinne, is it fan belang en sjoch nei de oare kant fan ûndersyk: nammentlik de regels foar ûndersyk. De ynformaasje dy't de learlingen fûn hawwe kin troch se yn harren artikels brûkt wurde, mar dêr heart in bepaalde standert by. Kinst net ien op ien de kreaasjes fan in oar kopiëarje. Yn dizze stap leare de learlingen de wichtichste regels oer ûndersyk. Spesifyk oer plagiaat en sitearjen.
It gebrûk meitsjen fan sitaten en boarnefermelding kin op ferskillende manieren dien wurde. Op de Wikipedy yn de iene taal kin it krekt oars dien wurde as dy yn de oare taal, dêrneist kin it oars dien wurde ôfhinklik fan it type ûndersyk datst dochst. Under fynst hoe't it dien wurdt op de Ingelsktalige Wikipedy: wannear'tst foar in Wikipedy yn in oare taal skriuwst fynst de goede manier fan sitearjen op dy Wikipedy. Typ it yn op de sykbalke of sykje kontakt mei it Wikimedia-team by dy yn de buert foar stipe.
Plagiaat
Ynformaasje oer dit ûnderwerp | ||
---|---|---|
Wikipedy-artikel | Plagiaat | https://fy.wikipedia.org/wiki/Plagiaat |
Heakje dyn boarne ta! | Heakje dyn boarne ta! | https://www.tilburguniversity.edu/students/studying/regulations/fraud/what-plagiarism |
Sitearjen
Ynformaasje oer dit ûnderwerp | ||
---|---|---|
Hânboek | Online handbook for citing APA | https://owl.purdue.edu/owl/research_and_citation/apa_style/apa_formatting_and_style_guide/index.html |
Tekst | Boarnemelding | https://fy.wikipedia.org/wiki/Wikipedy:Boarnemelding |
Formulier | Dyn boarnen byhâlde | https://commons.wikimedia.org/wiki/File:Boarnenbyh%C3%A2lde.pdf |
Opdrachten foar yn 'e les
Lit de learlingen in pear boarnen útsykje (makket neat út hokker) fan de skoalbiblioteek en stal in bibliografy yn de goede foarm gear. Bygelyks yn de foarm fan de Wikipedy yn dyn taal, of yn APA of in oare sitearstyl.
Stellingen foar diskusje yn 'e les
- Hoe kin foaroardiel yn boarnen de kwaliteit fan in artikel beynfloedzje?
- Hoe kinne we derfoar soargje dat we ferskillende perspektiven yn balâns mei elkoar toane?