WikiWomen Erasmus+/Undersyksútstapke
Toolkit foar learlingen
Undersyksútstapke
Yn dizze stap gean de learlingen op in ûndersyksútstapke nei in galerij, biblioteek, argyf of museum om boarnen te finen. Ofhinklik fan de regio dêr'tst yn wennest binne guon lokaasjes dy't boarnen oanbiede geskikter as oare.
It ûndersyksútstapke kin ferskillende doelen tsjinje, ôfhinklik fan wêr'tst hinne giest. Wy suggerearje om kontakt op te nimmen mei de galery, biblioteek, argyf of museum om te hearren oft sy boarnen foar jim fine en gearstalle kinne. Wannear't jim op it ûndersyksútstapke gea, kinne de learlingen harren ûndersyksfeardigens tapasse troch relevante ynformaasje te finen foar harren ûnderwerp. In oare manier dêr't it ûndersyksútstapke foar ynset wurde kin is om in rûnlieding te organisearjen dy't rjochte is op hoe't de learlingen sels ynformaasje fine kinne.
Yn dizze stap yn de learlingematerialen is de kommunikaasje tusken de dosint en de galery, biblioteek, it argyf of museum fan belang. Yn de toolkit foar skoallen binnen de WikiWomen-materialen is mear ynformaasje te finen hjiroer.
Mooglike manieren fan beoardieljen
- Lit de learlingen in ferslach skriuwe oer harren besite oan de galery, biblioteek, it argyf of museum