WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Yntroduksje ta it WikiWomen-projekt
Les 1: Yntroduksje ta it WikiWomen-projekt
Lesdoelen
- Bediskusjearjen fan de genderkleau
- It belang fan it bewarjen en promoatsjen fan frouljusskiednis yn dyn regio.
- De skiednis fan bydragen dy’t froulju levere hawwe yn ferskate gebieten.
- Twa foarbylden wurde jûn yn de les, dy kinne oanpast wurde oan de hân fan dyn regio.
- Bepraten wat de ympakt fan frouljusskiednis op de maatskippij is.
- Lesson Duration: 40 minutes —
Diskusje yn de klasse: 5 minuten
- Wat is de genderkleau? (slides 3 & 4)
Diskusjefraach: kinst foarbylden betinke fan hoe’t de genderkleau yn dyn deistich libben en/of de maatskippij te finen is?
Presintaasje fan de Powerpoint (10 minuten):
- Oersjoch fan de plakken yn de mienskip dêr’t de genderkleau weromkomt.
- It belang fan represintaasje.
- It WikiWomen-projekt.
- Wat de learling berikke sil yn dit projekt.
Diskusje yn groepkes 5 minuten:
- Bepraat yn groepen fan 2-3 wêrom’t it wichtich is om frouljusskiednis te promoatsjen en harren prestaasjes.
- Kinst ek Fryske froulju út de skiednis betinke?
- Wat hawwe sy dien dat fan belang is/west hat?
- Hawwe sy in side op Wikipedy?
Yndividuele opdracht 10 minuten:
- Foar de dosint: fertel oer twa wichtige froulju út Fryslân (dia 11 en 12).
Foar de learling: plúzje harren Wikipedy-siden út.
Diskusje yn de klasse (5 minuten)
- Wêrom is it wichtich en meitsje ynformaasje beskikber yn minderheidstalen?
- Kinst froulju betinke dy’t harren profilearje yn it Frysk?
- Wat hawwe sy dien dat fan belang is/west hat?
- Hawwe sy in side op Wikipedy?
- Watfoar ympakt hat frouljusskiednis op de maatskippij hân?
- Feministyske beweging en frouljuskiesrjocht
- Wittenskiplike foarútgong, bygl. Marie Curie, Katherine Johnson
- Rolmodellen
- Underdrukking te boppen komme
- Hjoeddeistich aktivisme, bgl. Greta Thunberg
- Kinst mear foarbylden betinke?
Húswurk foar les 2
- Sykje op Wikipedy in artikel op oer in frou út Fryslân.