WikiWomen Erasmus+ toolkit foar skoallen

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Schools toolkit and the translation is 92% complete.

Toolkit foar skoallen

Dizze materialen binne ferspraat oer 11 lessen (mei 10 diapresintaasjes) dy't foar in langere of koartere perioade jûn wurde kinne, op basis fan de winsken en mooglikheden fan de skoalle of klasse.

Eltse les komt mei in del te heljen en te bewurkjen diapresintaasje dy't brûkt wurde kin yn de les. Dêrneist binne learlingematerialen beskikber dy't by dizze lessen passe, dy't de learlingen helpe op harren wei om Wikimediaan te wurden!

Dit is it lesseplan dat ûntwikkele is foar it WikiWomen-projekt. It is ûntwurpen om hânfetten te bieden yn it lesjaan yn frouljusskiednis en om de genderkleau op Wikipedy lytser te meitsjen. It materiaal is opboud út 11 lessen: meidat it fleksibel is, kin de ynhâld oanpast wurde neffens de planning by jim op skoalle en saken dy’t spesifyk binne foar jim regio en kultuer.

Alle lessen binne sa ûntwurpen om kritysk neitinken, ûndersyksfeardigens en digitale feardigens te stimulearjen, sadat de learlingen op in betsjuttingsfolle manier meidwaan kinne yn de wrâld fan open source kennis: kennis dy’t troch eltsenien te brûken en te ferbetterjen is. Neist detaillearre hânliedings binne der del te heljen en te bewurkjen Powerpoints beskikber dy’t oan te passen binne oan de hân fan dyn klasse en kontekst.

Beoardieling

Om derfoar te soargjen dat de WikiWomen-materialen yn alle (minderheidstale)konteksten en op alle middelbere skoallen te brûken binne, binne de folchoarder fan de lessen en de manier fan beoardieljen fleksibel.

Dosinten kinne kieze yn watfoar folchoarder oft se de lessen jaan wolle en kieze sels watfoar kategoryen it meast geskikt is foar de learlingen. Op dy manier is it beoardieljen fan de learlingen ôfhinklik fan it lesseplan en is it oan de dosint om te bepalen hoe't de beoardieling plakhawwe sil. Hjir binne in pear suggestjes fan hoe't it beoardieljen plakhawwe kin:

  • Yn de stappen Genderkleau en minderheidstalen, Essinsjeel op Wikipedy, Basisfeardichheden Wikipedy, Undersyksfeardigens en Regels foar ûndersyk (etyk) kinne toetsen ûntwikkele wurde dêr't learlingen antwurd yn jouwe op fragen neidat se leard hawwe út bepaalde boarnen.
  • It ûndersyksútstapke kin beoardiele wurde oan de hân fan in koart ferslach oer it útstapke. It úteinlike produkt kin bedoardiele wurde op skriuwfeardigens.
  • Ta beslút binne de stappen 'Peer review' en Presintaasje opsjoneel en spesifyk goed passend foar in beoardieling.