WikiWomen Erasmus+/Basisfeardichheden Wikipedy
Toolkit foar learlingen
Basisfeardichheden Wikipedy
Yn dizze stap leare de learingen de basis fan hoe't se bewurkje kinne op Wikipedy. It materiaal yn dizze stap binne boekjes en hantliedings oer hoe't je Wikipedy-siden oanmeitsje en bewurkje kinne. Fierder binne yn dizze stap ynstruksjes te finen oer hoe't Wikipedy brûkt wurde kin yn it lesjaan. Wannear'tst as dosint mei Wikipedy wurkje wolst yn it lesjaan is it nuttich om sels ek wat kennis te hawwen fan hoe't it wurket. Dêrom befelje we oan om sels earst goed it proses troch te rinnen. Mei dy kennis hast as dosint mear hanfetten om mei selsbetrouwen mei de learlingen yn it skriuwen oan Wikipedy te dûken tegearre mei de learlingen.
Meiwurkers fan Wikimedia Foundation-groepen binne faak entûsjast om harren kennis fan en ynteresse yn Wikipedy mei dy te dielen. De manier wêrop't meiwurkers oan in Wikipedy stipe biede kinne sil foar Wikipedy's yn ferskillende talen ferskille. Bygelyks, op in Wikipedy yn in taal dy't in soad sprutsen wurdt, lykas Ingelsk, sil mear minsken hawwe dy't oan de Wikipedy wurkje as in lytsere taal sa as it Welsk. Fiel dy frij om kontakt op te nimmen mei de Wikimedia-groep yn dyn regio foar help en stipe.
Ynformaasje oer dit ûnderwerp | ||
---|---|---|
Paadwizer | Hoe'tst de fisuële bewurker brûkst op Wikipedy | https://www.mediawiki.org/wiki/Help:VisualEditor/User_guide/fy |
Boekje | Hoe bewurkest Wikipedy | https://commons.wikimedia.org/wiki/Category:Editing_Wikipedia_brochure |
Boekje | Wikipedy yllustrearje | https://commons.wikimedia.org/wiki/Category:Illustrating_Wikipedia_brochure_screenshots_in_English |
Boekje | Hoe brûkst Wikipedy yn dyn lessen | https://commons.wikimedia.org/wiki/Category:Instructor_Basics_brochure |
Help | Op dizze side fynst plakken dêr'tst fragen stelle kinst of dêr'tst opmerkingen meitsje kinst. | https://en.wikipedia.org/wiki/Wikipedia:Questions |
Paadwizer | Koarte paadwizer foar it bewurkjen | https://twitter.com/Motherfocloir/status/989421611383230464?s=19 |
Opdrachten foar yn 'e les
Opdrachten foar de learlingen
- Meitsje in akkount oan
- Fyn en meitsje de brûkersside fan de learling
- Oefenje mei bewurkjen yn de sânbak