WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Basisfeardichheden Wikipedy

This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Schools toolkit/Wikipedia editing basics and the translation is 93% complete.

Les 3: Basisfeardichheden Wikipedy

Yntroduksje (10 minuten):

  • Wolkom en gearfetsjen lêste kear: Gean koart de wichtichste punten fan de lêste les oer (it belang fan) Wikipedy by del.
  • Diskusje yn ‘e klasse: Wêrom is gearwurkje sa wichtich foar meidoggers? Hoe kin respektfol kommunisearjen it gearwurkjen op platfoarms as Wikipedy fuortsterkje?

Presintaasje fan de Powerpoint (10 minuten) Powerpoint: Presintearje de Powerpoint oer de basisfeardichheden fan it bewurkjen, dat û.o. oer it meitsjen fan Wikipedy-akkount giet, it finen en bewurkjen fan meidoggerssiden en it begripen fan de sânbak.

  • It finen en bewurkjen fan meidoggersiden
  • Sânbak

Yndividuele opdrachten (15 minuten)

  • Opdracht 1: Meitsje in akkount oan (5 minuten): Lied de learlingen troch it proses fan it meitsjen fan in Wikipedy-akkount. Soargje derfoar dat se it belang fan in brûkersnamme en in wachtwurd witte.
  • Opdracht 2: Meidoggersside en sânbak (10 minuten): Ynstruearje de learlingen hoe’t se harren meidoggersside fine en bewurkje kinne. Lit se dan in testbewurking meitsje yn de sânbak. Moedigje se oan kreatyf te wêzen yn dy sânbak.
  • It mear bekend wurden mei de meidoggersside, de sânbak en de oerlisside kinne as in diel fan it húswurk dien wurde

Begripen fan it ferskil fan publisearre artikels en opsetsjes (5 minuten)

  • Lis it ferskil út tusken artikels dy’t publisearre binne (dy’t live te sjen binne troch eltsenien op it ynternet) en opsetsjes (artikels dêr’tst noch oan wurkest) en artikels yn dyn sânbak (dy’tsto allinnich sjen kinst en dêr’tst mei oefenje kinst).
  • Diskusjefraach yn ‘e klasse: Wêrom tinkst dat der ferskillende omjouwingen binne foar opsetsjes en publisearre artikels? Hoe soe dat handich wêze foar it proses fan meitsjen en bewurkjen?

Yntroduksje ta de Oerlisside (3 minuten)

  • Lis it konsept fan de Oerlisside út, dêr’t bewurkers oanpassingen en ferbetteringen yn artikels beprate kinne.
  • Diskusjefraach yn ‘e klasse: Wêrom is it wichtich om in apart plak te hawwen foar it bepraten fan feroarings oan artikels? Hoe kin dat helpe by it heech hâlden fan de kwaliteit fan Wikipedy?

Groepsopdracht: Sabeare Oerlisside (10 minuten)

  • Ferdiel de learlingen yn lytse groepkes.
  • Pak der in foarbyldartikel by en jou alle groepkes in oare opdracht om it te ferbetterjen (bgl. it taheakjen fan boarnefermelding, it opnij skriuwen fan in part fan it artikel).
  • Ynstruearje de groepen om de oanpassingen dy’t se foarstelle mei inoar te bediskusjearjen op in sabeare ‘Oerlisside’.
  • Groepsopdracht: Lit de learlingen beprate watfoar feroaringen se dien hawwe soenen. Oefenje mei respektfolle kommunikaasje yn de diskusje.

Konklúzje en húswurk (2 minuten)

  • Understreekje it belang fan respektfolle kommunikaasje yn it gearwurkjen op Wikipedy.
  • Jou it húswurk op: alle learlingen meitsje ien grutte ferbettering yn harren sânbak en dogge mei yn in echte diskusje op de Oerlisside fan in selskeazen Wikipedy-artikel. Yn de folgjende les sille se weromsjen op harren bydrage en derop evaluearje.
  • It ûnderwerp fan diskusje yn dy les kin optocht wurde troch de dosint.

Opmerking foar de dosint:

  • Moedigje it aktyf meidwaan en oefenjen oan by de yndividuele opdrachten.
  • De groepsopdracht soarget fan in praktysk begryp fan it gearwurkjen yn it bewurkjen en kommunisearjen op Wikipedy.
  • Bring de learlingen yn it sin om har oan de regels fan Wikipedy te hâlden wylst se artikels bediskusjearje en bewurkje.
  • Resource needed: Sign in page for the Students to Write down their usernames.